From Wikipedia, the free encyclopedia
Hiddensee is in Dútsk eilân yn de Eastsee. It leit bewesten lâns it eilân Rugen dat stikken grutter is. Om't de foarm op dy fan in seehynderke liket, wurdt dat bistke as 'poppenamme' en yn it wapen brûkt. It eilân Hiddensee leit yn de dielsteat Meklenburch-Foarpommeren en heart ta de Landkreis Foarpommeren-Rugen.
Eilân Hiddensee | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Meklenburch-Foarpommeren | |
Landkreis | Foarpommeren-Rugen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 988 (2014) | |
Oerflak | 19,02 km² | |
Befolkingsticht. | 52 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 18565 |
Op Hiddensee binne de Dútske skriuwers Gerhart Hauptmann en Walter Felsenstein beïerdige.
De namme Hedinsey komt al foar yn de Edda en mannich âlde boarne. Hy betsjut eat as Eilân fan Hedin. Dy legindaryske Noarske kening Hedin moat dêr fochten hawwe om in frou of miskien wiene goud en jild krekt wichtiger. Under it Deenske bewâld waard offisjeel de namme Hedins-Oe brûkt. Oant 1880 ta hiet it eilân op Dútske kaarten ek Hiddensjö; yn 1929 hiene Dútske reisgidsen it noch oer Hiddensöe. It omneamen nei de Dútske foarm Hiddensee is dus betreklik jong.
It eilân is ûngefear 16,8 km lang, op it smelste punt sa'n 250 m en op it breedste punt sa'n 3,7 km breed. Hiddensee is fral bekend om syn sânstrannen en grutte natuergebieten.
Hiddensee is foar motorferkear sletten, útsein foar publike tsjinsten en lânbou. Dat it eilân is feitlik autofrij. Toeristen kinne mei de bus, fyts of hynder en wein. It eilân is middels feartsjinsten ferbûn mei Schaprode op Rügen en mei Stralsund op it fêstelân. Ek binne der farferbiningen tusken Neuendorf, Vitten en Kloster op it eilân sels. Grieben hat gjin ferbining oer it wetter.
Meklenburch-Foarpommeren | ||
---|---|---|
Landkreise Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock | ||
Kreisfreie Städte | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.