Holle Hoarn-Bear
From Wikipedia, the free encyclopedia
Holle Hoarn-Bear (Lakota: Matȟó Héȟloǧeča, útspr.: [ma'tˣo: he:'χloʁeʧa], likernôch: "matchoo heechlogeetsja" (mei de g fan 'bûge'); Ingelske oersetting: Hollow Horn Bear; yn Sheridan County (Nebraska), ±1850 – Washington, D.C., 1913) wie in opperhaad fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard bekend as oanfierder fan 'e Yndianen yn 'e Oarloch fan Reade Wolk en letter yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Neitiid ûntjoech er him yn 'e reservaatperioade ta ien fan 'e wichtichtste lieders fan 'e Brulee-Lakota.
Fluch de feiten
Holle Hoarn-Bear | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Matȟó Héȟloǧeča | |
oare namme | Hollow Horn Bear | |
nasjonaliteit | Sû (Sioux) | |
berne | ±1850 | |
berteplak | Nebraska Territory | |
stoarn | 1913 | |
stjerplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Lakota-Sû | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan 'e Brulee-Lakota |
Slute