![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/49/HMS_Nairana.jpg/640px-HMS_Nairana.jpg&w=640&q=50)
Hr.Ms. Karel Doorman (skip út 1946)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hr. Ms. Karel Doorman (QH 1) wie de Britske escorte-carrier Nairana dy't 20 maart 1946 yn tsjinst naam waard. It skip waard troch de Nederlânske marine foar sa'n twa jier hierd; yn dy tiid waard it skip neamd nei skout-by-nacht Karel Doorman, dy't yn 1942 yn de Slach yn de Javasee as eskaderkommandant mei it flaggeskip Hr. Ms. De Ruyter ûnder gien wie.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/49/HMS_Nairana.jpg/320px-HMS_Nairana.jpg)
De Nairana wie in kuolskip dat yn de Twadde Wrâldkriich fanwege de Royal Navy omboud waard ta fleandekskip. De Nairana waard boud troch de Britske skipswerf John Brown & CO yn Clydebank.
Neidat it skip werom wie by de Royal Navy waard it ferkocht om fannijs te tsjinjen as keapfardijskip ûnder de namme Port Victor. De ombou ta keapfarder barde yn Belfast. July 1971 waard it skip sloopt yn Faslane, Skotlân.