From Wikipedia, the free encyclopedia
Johann Karl Wilhelm Illiger (Breunswyk, 19 novimber 1775 – Berlyn, 10 maaie 1813) wie in Dútsk biolooch, heechlearaar, publisist en museumdirekteur. Hy hie him spesjalisearre yn 'e soölogy en yn 't bysûnder yn 'e entomology.
Johann Karl Wilhelm Illiger | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johann Karl Wilhelm Illiger | |
nasjonaliteit | Breunswyksk | |
berne | 19 novimber 1775 | |
berteplak | Breunswyk (Breunswyk-Wolfenbüttel) | |
stoarn | 10 maaie 1813 | |
stjerplak | Berlyn (Prusen) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | soölooch, entomolooch, museumdirekteur | |
aktyf as | publisist, heechlearaar | |
jierren aktyf | 1794 – 1813 |
Illiger waard yn 1775 yn Breunswyk, yn it doetiidske Foarstedom Breunswyk-Wolfenbüttel, berne as de soan fan in keapman. Hy studearre ûnder de entomolooch Johann Hellwig en wurke letter oan 'e soölogyske kolleksjes fan Johann Centurius Hoffmannsegg. Illiger waard oansteld as heechlearaar yn 'e soölogy en wie direkteur fan it Soölogysk Museum yn Berlyn (no it Humboldtmuseum) fan 'e oprjochting fan dat ynstitút yn 1810 oant syn ûntidich ferstjerren yn 1813, doe't er noch mar 37 jier âld wie.
As publisist op it mêd fan syn fakgebiet wie Illiger de auteur fan in grut tal artikels en ek fan it boek Prodomus Systematis Mammalium et Avium (1811), wêryn't er it linneeske systeem fan taksonomy op it mêd fan sûchdieren en fûgels by de tiid brocht. Mei dat wurk hied er in wichtige ynfloed op 'e ynfiering fan it begryp fan 'e taksonomyske famylje. Fierders wied er ek redakteur fan it Magazin für Insektenkunde, dat yn syn tiid wiid en siid bekend stie as "Illigers Tydskrift".
Yn 1811 yntrodusearre Illiger it taksonomyske skift fan 'e slurfdieren (Proboscidea) foar de oaljefanten, mastodonten en mammoeten. Ek beskreau er in ûndersoarte fan 'e walrus, te witten de Pasifyske walrus (Odobenus rosmarus divergens). De illigerara of Illigers ara (Promolius maracana Vieillot 1816), in soarte pappegaai, en de illigerbrúnrêchtamarin of Illigers brúnrêchtamarin (Saguinus fuscicollis illigeri Pucheran 1845), in ape-ûndersoarte, binne nei Illiger ferneamd, en ek it botanyske skaai Illigera, út 'e famylje fan 'e aaifruchtbeameftigen (Hernandiaceae), draacht syn namme.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.