From Wikipedia, the free encyclopedia
De Noardwestgermaanske talen foarmje in lytse taalgroep dy't heart ta de Westgermaanske talen. Dizze taalkloft stiet ek wol bekend as de Ingveoanske talen, de Anglo-Fryske talen, de Ingelsk-Fryske talen of de Noardseegermaanske talen. De Noardwestgermaanske talen wurde wrâldwiid troch likernôch 325 miljoen minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de wichtichste taal út dizze groep is it Ingelsk. Fierders meitsje ek it Skotsk, Frysk, Noardfrysk en Sealterfrysk der diel fan út, krektlyk as it útstoarne Yola en Fingaalsk. Guon taalkundigen rekkenje fierders it Anglo-Romany, in taal fan wenweinbewenners yn Ingelân, der ek ta.
Noardwestgermaanske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Ingveoanske talen, Anglo-Fryske talen, Ingelsk-Fryske talen, Noardseegermaanske talen | |
lokaasje | fan oarsprong yn Noardwest-Jeropa | |
tal talen | ±5 | |
tal sprekkers | ±325 miljoen (2004) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk | |
subgroepen | ● Angelsaksysk ● Frysk |
De Noardwestgermaanske talen wurde ûnderferdield yn twa groepen:
|
Der is in tindins yn 'e taalkunde om 'e Nedersaksyske talen, dy't yn it ferline altyd by de Súdwestgermaanske taalkloft yndield waarden, as in trêde subgroep oan 'e Noardwestgermaanske talen ta te heakjen. Dêroer bestiet lykwols gjin oerienstimming.
De Westgermaanske talen ûntstiene by it útinoarfallen fan 'e taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken, wat mooglik pas yn 'e fyfde iuw plakfûn. It wurdt ûntwierskynlik achte dat der in Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, en ien inkele Noardwestgermaanske taal hat nei alle gedachten likemin bestien.
Tsjin it begjin fan 'e skriftlike oerlevering fan 'e Westgermaanske talen, yn 'e rin fan 'e achtste iuw, hiene har yn elts gefal de ûnderskate Noardwestgermaanske talen al ûntwikkele. Dêrfan is it Aldingelsk oerlevere fan it begjin fan 'e achtste iuw ôf en it Aldfrysk fan 'e trettjinde iuw ôf (útsein in fragmintaryske psalmoersetting út 'e tolfde iuw).
De ferskillen tusken de Noardwest- en Súdwestgermaanske talen lizze foar in grut part oan in stikmannich saneamd ingveonismen, taalkundige fernijings dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium yn 'e Noardwestgermaanske talen foardiene. Ek yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen hawwe dy fernijings har foar in part oppenearre, mar yn 'e Heechdútske talen alhiel net.
De wichtichste ingveonismen binne:
Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e Noardwestgermaanske talen.
taal | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ingelsk | one | two | three | four | five | six | seven | eight | nine | ten |
Skotsk | ane yae |
twa | thrie | fower | five | sax sex |
seiven | aicht aucht |
nyne neen |
ten |
Yola † | oane | twye | dhree | vowér | veeve | zeese | zebbem | ayght | neene | dhen |
Frysk | ien | twa | trije | fjouwer | fiif | seis | sân | acht | njoggen | tsien |
Sealterfrysk | aan | twäi twäin twoo |
träi | fjauwer | fieuw | säks | soogen | oachte | njugen | tjoon |
Noardfrysk (Mooring) | iinj ån |
tou tuu |
trii tra |
fjouer | fiiw | seeks | soowen | oocht | nüügen | tiin |
Ek yn oare wurdfoarmen bestiet der in dúdlik ûnderskie tusken it Frysk en it Ingelsk oan 'e iene kant en it Nederlânsk en it Dútsk oan 'e oare. Dêrby kin it gean om:
Frysk | Ingelsk | Nederlânsk | Dútsk |
---|---|---|---|
brea | bread | brood | Brot |
hier | hair | haar | Haar |
ear | ear | oor | Ohr |
doar | door | deur | Tür |
grien | green | groen | Grün |
swiet | sweet | zoet | süß |
Frysk | Ingelsk | Nederlânsk | Dútsk |
---|---|---|---|
troch | through | door | durch |
Frysk | Ingelsk | Nederlânsk | Dútsk |
---|---|---|---|
dei | day | dag | Tag |
wei | way | weg | Weg |
Frysk | Ingelsk | Nederlânsk | Dútsk |
---|---|---|---|
rein | rain | regen | Regen |
neil | nail | nagel | Nagel |
Frysk | Ingelsk | Nederlânsk | Dútsk |
---|---|---|---|
hawwe | have | hebben | haben |
Frysk | Ingelsk | Nederlânsk | Dútsk |
---|---|---|---|
tegearre | together | samen | zusammen |
sibbe | sibling | verwante | Verwandte |
kaai | key | sleutel | Schlüssel |
hynder (hoars) | horse | paard (ros) | Pferd |
Frysk | Ingelsk | Nederlânsk | Dútsk |
---|---|---|---|
haw west | have been | ben geweest | bin gewesen |
twa skiep | two sheep | twee schapen | zwei Schafe |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.