Daniël (bibelboek)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Daniël, yn it oarspronklike Hebriuwsk: דָּנִיֵּאל, Dani’el, is in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Daniël it 21ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 27ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten. It boek Daniël fertelt oer it libben fan 'e Joadske foaroanman Daniël oan it Babyloanyske hof ûnder de Babyloanyske Ballingskip, en jout dêrnei in beskriuwing fan fjouwer fan syn fizioenen mei byhearrende ynterpretaasje. De earste folsleine Fryske oersetting fan Daniël stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Daniël | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | דָּנִיֵּאל ("Dani’el") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk, Arameesk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±165 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Ezechiël | |
● folgjend diel | Hoséa | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Daniël | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |