Izaäk (aartsfaar)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Izaäk (Hebrieusk: יִצְחָק; betsjutting: hy laket) wie neffens it bibelboek Genesis de soan fan Abraham en Sara. Hy troude mei Rebekka en de heit fan Jakob en Ezau. Oer Izaäk wurdt minder in de Skrift skreaun as oer Abraham en syn soan Jakob. Hy waard pas berne doe't Abraham al 100 jier en Sara al oer de 90 wie en stoar yn 'e âldens fan 180 jier. Izaäk hie in healbroer: Ismael.
Fan de trije aartsfaars libbe Izaäk it langst. En oars as Abraham en Jakob bleau Izaäk altiten yn it lân Kanaän wenjen. Yn tsjinstelling ta syn heit Abraham en syn soan Jakob hold Izaäk altiten deselde namme.
Izaäk libbe as nomade yn de kontreien fan Beër-Sjêba, mar hy hat him ek opholden yn de omkriten fan Gearar.