Jabba de Hutt
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jabba de Hutt (útspr.: [ˈʤɑbɑ], likernôch "dzjab-ba"), folút: Jabba Desilijic Tiure, is in ferneamd fiktyf personaazje en in ikoanyske smjunt út 'e Star Wars-franchise, betocht troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in gangster en it haad fan in misdiesyndikaat op 'e planeet Tatooine "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Jabba heart ta de Hutts, in ras fan grutte slakeftige bûtenierdske wêzens. Hy waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Yn dy film wurdt Jabba foarstelt as de belicheming fan lust en ynklauwerigens as er bûtenierdske slavinnen mei keatlings healneaken oan syn troan fêstmeitsje lit. Hy waard spile troch in trio poppespilers yn in pop dy't letterlik in ton weage. Syn karakteristyk djiptoanich stimlûd waard ynsprutsen troch stimakteur Larry Ward yn it Hutteesk, in fiktive taal ûntwurpen troch lûdstechnikus Ben Burtt.
Jabba de Hutt personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Jabba Desilijic Tiure | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Hutt | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | gangster | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Han Solo Chewbacca Boba Fett prinsesse Leia | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1983 |