From Wikipedia, the free encyclopedia
Jakob van Hoddis, echte namme Hans Davidsohn, (Berlyn, 16 maaie 1887 - Sobibór, 1942) wie in Dútsk-Joadsk ekspresjonisyske dichter.
Nei de middelbere skoalle studearre Jakob van Hoddis arsjitektuer yn München, Gryksk en filosofy yn Jena en Berlyn. Under syn stúdzje krige er kunde oan Kurt Hiller, mei wa't er (yn 'e mande mei ûnder oaren Erwin Loewenson) yn 1909 de Neue Club yn Berlyn oprjochte. Wat letter waard it Neopathetisches Cabaret yn Berlyn oprjochte, wêr't ek Georg Heym oan bydroegen hie. Der waarden doe mear as ien kear literêre jûnen organisearre; Hoddis lies dan faak foar út eigen wurk. Al ein 1912 hie er de earste symptomen fan de geastessykte skizofreny. Sûnt 1914 wenne er yn kliniken en gestichten. Yn 1942 waard er troch de nasjonaalsojalisten earst nei in joadsk gesticht ûnder Koblenz deportearre en in skofte letter yn it ferneatigingskamp Sobibór fermoarde.
Hoddis waard benammen bekend mei syn gedicht Weltende, dat yn 1911 yn het Berlynske wykblêd Der Demokrat ferskynde.
Fryske oersetting fan Marten Sikkema:
Allinne Weltende waard doe't er noch libbe publisearre, yn 1918.
Postúm útbrochte sammelbondels:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.