James Moriarty
From Wikipedia, the free encyclopedia
James Moriarty (útspr.: [ˈʤeːmz mɔɹiˈɑːɹti], likernôch "dzjeemz mor-ry-aar-ty"), almeast oantsjut as professor Moriarty, is in fiktyf personaazje út 'e Sherlock Homes-searje fan detektiveromans en -ferhalen fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. Hy waard yntrodusearre yn it koarte ferhaal The Final Problem, út 1893, en komt ek foar yn 'e roman The Valley of Fear. Moriarty is in wiskundige dy't him ûntjûn hat ta in krimineel masterbrein, en ien fan 'e gefaarlikste en fernimstichste tsjinstanners fan privee-detektive Sherlock Holmes, dy't om mei him ôf te weven hàst syn eigen libben derby ynsjit. Hoewol't Moriarty mar yn twa wurken fan Doyle foarkomt, is him yn lettere literêre wurken oer Holmes en adaptaasjes ta oare media faak in prominintere rol oanmetten as de aartsfijân fan 'e grutte detektive.
James Moriarty personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje | ||
Professor Moriarty op in yllustraasje fan Sidney Paget by it koarte ferhaal The Final Problem. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | wiskundige heechlearaar krimineel | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Sherlock Holmes dokter Watson Mycroft Holmes ynspekteur Lestrade Irene Adler | |
geastlike heit | sir Arthur Conan Doyle | |
ûntstean | 1893 |