Jango Fett
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jango Fett (útspr.: [ˈʤæŋɡoʊ ˈfɛt], likernôch: "dzjeng-go fet") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de heit fan it bekendere personaazje Boba Fett en teffens in minsklike Mandaloriaanske preemjejager, hierling en hiermoardner dy't as sjabloan brûkt wurdt foar in it kloanjen fan in leger supersoldaten. Jango Fett waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), oan 'e ein wêrfan't er omkomt yn in gefjocht mei Jedi-master Mace Windu. It personaazje waard fertolke troch de Nijseelânske akteur Temuera Morrison.
Fluch de feiten
Jango Fett personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Mandaloriaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | preemjejager, hierling, hiermoardner | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Boba Fett Obi-Wan Kenobi greve Dooku Mace Windu | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Slute