John Schneider
From Wikipedia, the free encyclopedia
John Schneider (folút: John Richard Schneider III; Mount Kisco (New York), 8 april 1960), is in Amerikaansk akteur, senarioskriuwer, filmprodusint en sjonger fan mingd Dútsk-Ingelsk-Iersk-Frânsk etnysk komôf. Hy is it bekendst wurden as akteur, mei syn haadrol yn 'e Amerikaanske tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, en mei syn byrol yn 'e rige Smallville. Dêrnjonken hat er in net ûnfertsjinstlike karriêre opboud as countrysjonger, wêrby't er fjouwer kear in nûmer 1-hit skoarde.
Fluch de feiten
John Schneider | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Richard Schneider III | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 april 1960 | |
berteplak | Mount Kisco (New York) | |
etnisiteit | Dútsk Frânsk Iersk Ingelsk | |
jierren aktyf | 1977 – no | |
offisjele webside | ||
www.johnschneider.tv |
Slute