Jorge Luis Borges
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jorge Luis Borges (Spaanske útspr.: ['xorxe 'lwis 'borxes] ( audio)), folút: Jorge Francisco Isidoro Luis Borges Acevedo (Buenos Aires, 24 augustus 1899 – Sjenêve, 14 juny 1986) wie in Argentynsk skriuwer fan koarte ferhalen, essayist, dichter en oersetter. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it literêre sjenre fan it magysk reälisme, mar hy droech ek by oan sawol de filosofy as de fantasy- en detektivesjenres. Syn bekendste boeken, Ficciones (1944) en El Aleph (1949), binne bondels ferhalen mei in mienskiplik tema. Borges wie fan berop bibletekaris en waard letter direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje, en teffens perfester yn 'e literatuer oan 'e Universiteit fan Buenos Aires. Syn wurk waard bekroane mei ferskate prestizjeuze prizen, mar net mei troch him sa begeare Nobelpriis foar de Literatuer. Borges spriek in ferskaat oan talen floeiend, en sette wurken út it Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Aldingelsk en Aldnoarsk oer yn it Spaansk. Geandewei syn libben seach er almar minder, en úteinlik waard er blyn. Men wol wol hawwe dat dat alteast foar in part de grûnslach foarme fan syn ynnovative literêre symbolyk. Hy stoar oan leverkanker yn 'e âlderdom fan 87 jier.
Jorge Luis Borges | ||
skriuwer | ||
Jorge Luis Borges yn 1967. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jorge Francisco Isidoro Luis Borges Acevedo | |
nasjonaliteit | Argentynsk | |
berne | 24 augustus 1899 | |
berteplak | Buenos Aires (Argentynje) | |
stoarn | 14 juny 1986 | |
stjerplak | Sjenêve (Switserlân) | |
etnisiteit | Ingelsk Oerûguayaansk Portegeesk Spaansk | |
wurk | ||
taal | Spaansk | |
sjenre | poëzij, lit. koarte ferh., senario's, detektiveferh., fantasy, essay's | |
perioade | midden 20e iuw | |
streaming | magysk reälisme | |
bekendste wurk(en) | El Oro de los Tigres La Rosa Profunda Susana Bombal El Jardín de Senderos Que Se Bifurcan | |
prizen | Edgar Award 1976 Balzanpriis 1980 Cervantespriis 1980 Légion d'Honneur 1983 | |
jierren aktyf | 1923 – 1986 | |
offisjele webside | ||
www.fundacionborges.com.ar |
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Jorge (Francisco Isidoro) Luis. De earste efternamme (fan heitekant) is Borges, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Acevedo. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Borges of oars Borges Acevedo brûkt wurde.