Josef Brodsky
From Wikipedia, the free encyclopedia
Josip Brodsky (Russysk: Ио́сиф Алекса́ндрович Бро́дский) (Leningrad, 24 maaie 1940 - New York, 28 jannewaris 1996) wie in fan oarsprong Russysk dichter.
Fluch de feiten
Josef Brodsky | ||
skriuwer | ||
Joseph Brodsky (1988) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 maaie 1940 | |
berteplak | Leningrad | |
stoarn | 28 jannewaris 1996 | |
stjerplak | New York | |
wurk | ||
taal | Ingelsk, Russysk | |
sjenre | Gedichten |
Slute
Nei't er ferskate kearen nei Sibearje ferballe west wie is Brodsky nei de Feriene Steaten emigrearre. Yn 1987 krige er de Nobelpriis foar de Literatuer. Hoewol't syn poëzij dêrnei ek wer yn Ruslân útbrocht waard, woe Brodsky net werom nei syn heitelân, ek net nei de delfal fan it kommunisme.
Hy spilet in rol yn in roman fan syn freon Sergej Dovlatov: 'Net allinnich Brodsky' (Не только Бродский: Русская культура в портретах и анекдотах).