Kabaret (oarspronklik fan it Middelnederlânske: camret, dat ûntliend wie oan it Frânsk) is in foarm fan teäter. In man dy't dêroan docht, is in kabaretier, en in frou dy't dêroan docht, is in kabaretiêre.

Fan âlds wie kabaret in term om in kroech mei oan te tsjutten. De betsjutting waard letter geunstiger. Yn 1881 iepene de literêr-muzikale Club des Hydropathes op Montmartre de soasjeteit Le Chat Noir. Dat wurdt wol as de berte fan it cabaret litérêre of artistique sjoen. De leden eksposearren eigen wurk of droegen it foar en diskusjearren. Grutte oandacht lutsen benammen de sjansons fan en troch Aristide Bruant, Jouy, Macnab en oaren - meastal ôfmakke mei stikelstekken en spot.

Yn de jierren om de Earste Wrâldkriich hinne wie Krips en Molenaar populêr yn Fryslân. Meast bekend waard yn Fryslân Tetman de Vries yn de fyftiger jierren as fuortsetting fan de Winterjûnenochten. It ienige profesjonele selskip wie yn 1974 it Selskip Leo Dykstra. Dêryn spilen ûnder oaren in soan en dochter fan Tetman mei. Fanwege it lytse taalgebiet krige it selskip Fryske subsydzje.

Fryske selskippen

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.