De kaktusmûs (Latynske namme: Peromyscus eremicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartmûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus), dat foarkomt yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten en it noarden fan Meksiko.

Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
kaktusmûs
Thumb
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljewrotmûseftigen (Cricetidae)
skaaiwytpoatmûzen (Peromyscus)
soarte
Peromyscus eremicus
Baird, 1858
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Thumb
Slute

Fersprieding en biotoop

De kaktusmûs libbet yn drûge woastynbiotopen yn it suden fan 'e Amerikaanske steaten Kalifornje, Nevada en Nij-Meksiko en hast hiel Arizona, útsein de noardeastlike hoeke. Yn Meksiko komt er foar yn it sintrale berchlân en by de kust fan 'e Golf fan Kalifornje lâns en op hast it hiele Kalifornysk Skiereilân, útsein de súdwestlikste punt.

Dêrnjonken libbet de kaktusmûs ek op ferskate eilannen foar de Meksikaanske kust, sawol yn Golf fan Kalifornje as yn 'e Stille Oseaan. Oan 'e noardkant liket syn areaal begrinzge te wurden troch omleech geande temperatueren en it dêrmei ferbân hâldende ûntbrekken fan meskiit-beammen fan it skaai Prosopis (yn it bysûnder Prosopis juliflora), dêr't de kaktusmûs sterk fan ôfhinklik is.

Uterlike skaaimerken

De kaktusmûs is in lytse bistke, mei in gewicht fan 18-40 g. De wyfkes binne justjes swierder as de mantsjes, mar oansjenlik mânsker fan postuer, mei langere earen en in bredere kop. Kaktusmûzen ken men werom oan 'e keale soallen fan 'e efterpoaten en de hast keale sturt dy't ûngefear like lang is as de kop-romplingte.

De earen binne grut en tin en hast ûnbehierre. De pels is sêft en lang, mei op 'e rêch in kleur dy't útinoar rinne kin fan oker oant kaniel, wylst de bealch witich is en de kop boppe-op in grizich plak hat. Wyfkes binne yn 'e regel wat bleker fan kleur as mantsjes, en jongen hawwe in grizere pels. Kaktusmûzen binne nachtdieren, dy't libje fan sieden, meskiitbeane, lytse nuten, griene plantedielen en ynsekten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.