Kanon fan de Fryske skiednis

From Wikipedia, the free encyclopedia

De Kanon fan de Fryske skiednis, of Kanon fan Fryslân, is in list fan 41 ûnderwerpen yn it ramt fan de skiednis fan Fryslân. Meiïnoar moatte de ûnderwerpen in folsleine gearfetting fan de Fryske skiednis foarmje. De kanon waard op 11 novimber 2008 presintearre en oan deputearre fan de provinsje Fryslân, Jannewietske de Vries oanbean.

Jacob_Cornelisz_van_Amsterdam.jpg
Edzard de Grutte, nûmer 9 op de Kanonlist.
Meno_simonis.jpg
Menno Simons, nûmer 12 op de Kanonlist.
Matahari.jpg
Mata Hari, nûmer 26 op de Kanonlist.
Afsluitdijk_1031.jpg
De Ofslútdyk, nûmer 30 op de Kanonlist.
Wadlopen_bij_Pieterburen_03.jpg
It toerisme op it Waad is nûmer 37 op de Kanonlist.

It plan ta it opsetten fan in Fryske kanon komt fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. De ûnderwerpen binne gearstald troch in ûnôfhinklike kommisje dy't ûnder lieding stie fan professer dokter Goffe Jensma. De provinsje wol mei dizze kanon de learlingen en dosinten fan it basis- en it fuortset ûnderwiis yn Fryslân middels oanbiede om by it skiednisûnderwiis te brûken.