Karolína Erbanová
From Wikipedia, the free encyclopedia
Karolína Erbanová (Vrchlabí, 27 oktober 1992) is in earder Tsjechysk Iishockeyster en earder reedrydster. Erbanová wie yn 2017 de earste Europeeske kampioene sprint.
Fluch de feiten
Karolína Erbanová | ||
sporter | ||
Karolína Erbanová (2013) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karolína Erbanová | |
nasjonaliteit | Tsjechysk | |
bertedatum | 27 oktober 1992 | |
berteplak | Vrchlabí | |
lingte | 1.76 m | |
gewicht | 70 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden Iishockey | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Vancouver 2010, Sotsji 2014 , Pyeongchang 2018 | |
debút | 2008 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x brûns Olympyske Spullen 2018 1x brûns WK Sprint 2015 1x goud EK sprint 2018 |
Slute
Erbanová die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjouwer kear oan it Wrâldkampioenskip sprint, seis kear oan it Europeesk kampioenskip allround, ien kear oan it Europeesk kampioenskip sprint en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 2010, 2014 en 2018). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear Europeeks kampioene sprint, en behelle op de Olympyske Winterspullen fan 2018 in brûnzen medalje op de 500 m. Nei de spullen fan 2018 makke Erbanová de oerstap fan it reedriden nei iishockey by in klup yn Sweden en de Tsjechyske nasjonale ploeg.