Electoral College
From Wikipedia, the free encyclopedia
It United States Electoral College (Ingelsk foar "Amerikaansk Kieskolleezje" of "Amerikaansk Elektoraal Kolleezje") is de ynstânsje dy't alle fjouwer jierren de presidint en fise-presidint fan de Feriene Steaten kiest. It kieskolleezje hat op dit stuit 538 leden, dy't kiesmannen neamd wurde, ferdield oer de 50 steaten en it federaal distrikt fan 'e Feriene Steaten. By de Amerikaanske presidintsferkiezings is it sa dat dyjinge dêr't de measte kiesmannen foar stimme, alle kiesmannen fan dy steat krijt. De kandidaat foar it presidintskip moat dus in mearderheid fan kiesmannen ha dy't him stypje, om de kiesmannen fan dy steat foar him te winnen.