Klaas Vaak
From Wikipedia, the free encyclopedia
Klaas Vaak, of it Sânmantsje, is de namme fan in kabouter dy't komme soe om bern inkelde kerrels sliepsân yn de eagen te struien, op't se sliepe sille.
It bewiis dêrfan is dat der moarns sânkerrels yn de eachhoeken sitte. Dêrom moat men dan moarns goed it gesicht waskje om it sân fuort te krijen. De namme Vaak komt wierskynlik fan de âlde Nederlânske útdrukking vaak hebben at slaap hebben bedoeld wurdt.
It Sânmantsje wennet op de moanne.