De kobisten (Latynske namme: Bovinae, miskien better bekend ûnder Nederlânske beneaming runderen) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), dêr't û.o. de domestisearre ko ta heart. Kobisten ûnderskiede harren troch spjalten hoeven en oer it algemien kromme hoarnen sûnder fertakkings by teminsten ien fan 'e geslachten.

Fluch de feiten
Kobisten
Thumb
Wetterbuffels sykje ferkuolling yn in poel.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang):baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang):walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia)
ûnderskift:wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift:hoarndieren (Pecora)
famylje:holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje:kobisten (Bovinae)
Gray, 1821
Slute

Harren evolúsjonêre skiednis is yn ferhâlding ta oare taksonomyske ûnderfamyljes frij obskuer, trochdat der gauris noch natuerlike krusingen mei besibbe soarten plakfûn hawwe nei't de oarspronklike evolúsje ta soarte al ôfrûne hie. Kobisten binne lânseigen yn Aazje, Afrika, Jeropa en Noard-Amearika. De grutste soarte is de Aziatyske gaur, dy't in skofthichte fan 2,2 m hat. Domestisearre kobisten wurde almeast holden foar sawol it fleis as de molke, útsein yn grutte dielen fan Yndia en Nepal, dêr't gjin kowefleis iten wurdt om't de hindoeïstyske godstsjinst kij as hillich beskôget.

Underfamylje-opbou

  • ûnderfamylje kobisten (Bovinae)
    • tûke antilopekobisten (Tragelaphini of Strepsicerotini)
      • skaai echte antilopekobisten (Tragelaphus)
        • berchnyala (Tragelaphus buxtoni)
        • bongo (Tragelaphus eurycerus)
        • boskbok (Tragelaphus scriptus)
        • grutte koedoe (Tragelaphus strepsiceros)
        • ymbabala (Tragelaphus sylvaticus)
        • lytse koedoe (Tragelaphus imberbis)
        • nyala (Tragelaphus angasii)
        • sitatûnga (Tragelaphus spekeii)
      • skaai elandantilopen (Taurotragus)
        • elandantilope (Taurotragus oryx)
        • reuze-elandantilope (Taurotragus derbianus)
    • tûke echte kobisten (Bovini)
      • skaai Afrikaanske buffels (Syncerus)
        • Kaapske buffel (Syncerus caffer)
      • skaai bizons (Bison)
        • âlde bizon (Bison antiquus) †
        • Amerikaanske bizon (Bison bison)
        • holoseenbizon (Bison occidentalis) †
        • langhoarnbizon (Bison latifrons) †
        • steppewisint (Bison priscus) †
        • wisint of Jeropeeske bizon (Bison bonasus)
      • skaai Yndyske buffels (Bubalus)
        • anoä (Bubalus depressicornis)
        • berchanoä (Bubalus quarlesi)
        • Sebûaanske tamarû (Bubalus cebuensis) †
        • tamarû (Bubalus mindorensis)
        • wetterbuffel of karbou (Bubalus bubalis)
        • wylde Aziatyske wetterbuffel (Bubalus arnee)
      • skaai kij (Bos)
        • Aldsûndaneesk kobist (Bos palaesondaicus) †
        • banteng (Bos javanicus)
        • gaur (Bos gaurus)
        • gajal, gayal of domestisearre gaur (Bos frontalis)
        • jak (Bos mutus)
        • kobist (Bos taurus)
          • ko (Bos domesticus) (ûndersoarte)
        • kûpry (Bos sauveli)
        • oerokse (Bos primigenius) †
        • seboe (Bos indicus)
      • skaai reuzebuffels (Pelorovis) †
        • reuzebuffel (Pelorovis antiquus) †
      • skaai saola's (Pseudoryx)
        • saola (Pseudoryx nghetinghensis)
    • tûke nylgauwen en fjouwerhoarnantilopen (Boselaphini)
      • skaai fjouwerhoarnantilopen (Tetracerus)
        • fjouwerhoarnantilope (Tetracerus quadricornis)
      • skaai nylgauwen (Boselaphus)
        • nylgau (Boselaphus tragocamelus)

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.