Kommunybank
From Wikipedia, the free encyclopedia
De kommunybank is in knibbelbank dy't yn in tsjerke de alterromte skiedt fan de rest fan de tsjerke. Oant it Twadde Fatikaanske Konsylje foarme de kommunybank in fêst ûnderdiel fan it roomsk-katolike tsjerkemeubilêr. Knibbeljend krigen katoliken dêr fan de preester de konsekrearre hosty eartiids op de tonge. Tsjintwurdich binne yn de measte katolike tsjerken de kommunybanken ferdwûn of krigen se in oare funksje. Yn Skandinaavje en Súd-Sleeswyk komme kommunybanken ek yn in soad lutherske tsjerken foar, mar dêr wurdt it alterhek neamd.