Kompas
From Wikipedia, the free encyclopedia
In kompas is in navigaasje-ynstrumint om de rjochting ten opsichte fan it noarden te bepalen.
It tradisjonele magnetyske kompas bestiet út in frije ophongen magneet, dy't him ûnder ynfloed fan it ierdmagnetysk fjild yn in bepaalde rjochting opstelt, wêrtroch't it mooglik wurdt om it magnetyske noarden (Nm) (of it suden (Sm)) oan te wizen.
De spesifike útfiering fan in magnetysk kompas mei ûnder mear kardanyske ophinging foar gebrûk op in skip wurdt wol oantsjutten as skipskompas.