Koraal
From Wikipedia, the free encyclopedia
Koraal is in oerkoepeljende beneaming foar wringeleaze seedieren út 'e klasse fan 'e blomdieren (Anthozoa) út 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria). Sokke organismen libje yn kompakte koloanjes fan in grut tal identike yndividuele polipen. Guon fan 'e bekendste soarten koraal binne de wichtige koraalrifbouwers, dy't de tropyske oseänen bewenje en kalsiumkarbonaat útskiede om in hurd útwindich skelet te foarmjen, dêr't meitiid it rif út groeit.
- Dizze side giet oer koraal út 'e see. Foar oare betsjuttings, sjoch: koraal (betsjuttingsside).