Linestik
From Wikipedia, the free encyclopedia
In linestik is yn de euklidyske mjitkunde in diel fan in line dy't troch twa aparte einpunten begrinze wurdt en dy't alle punten op dy line tusken dizze twa einpunten befet. Foarbylden fan linestikken binne de siden fan in trijehoek of in fjouwerkant.
Lizze de beide einpunten op in mearhoek, dan is sprake fan in side fan dy mearhoeke, as de einpunten dêrfan gearfalle mei neist elkoar lizzende hoekpunten fan de mearhoeke. Falle de einpunten gear mei net neist elkoar lizzende hoekpunten, dan hjit it linestik in diagonaal fan de mearhoek.
As beide einpunten op in kromme lizze, lykas in sirkel, dan wurdt it linestik in koarde fan dy kromme neamd.