From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lord Chamberlain's Men wie in Ingelsk toanielselskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dêr't de wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare ta hearde. It waard oprjochte yn 1594, ûnder it patronaat fan Henry Carey baron Hunsdon, dy't doedestiden de Lord Chamberlain (oftewol keamerhear) oan it hof fan keninginne Elizabeth I wie (dêrfandinne de namme). Nei't Hunsdon op 23 july 1596 kaam te ferstjerren, giene de Lord Chamberlain's Men oer nei it patronaat fan syn soan, George Carey baron Hunsdon, nei wa't se acht moanne lang de namme fan Lord Hunsdon's Men droegen, oant hy op 17 maart 1597 ta syn heite opfolger beneamd waard as Lord Chamberlain, en it selskip syn âlde namme weromkrige.
Lord Chamberlain's Men | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Ingelsk | |
type | privaat | |
sektor | toanielselskip | |
fêstige yn | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1594 | |
opdoekt | 1603 (fierder as King's Men) | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Shakespeare skreau hast alle toanielstikken foar de Lord Chamberlain's Men, en de akteur Richard Burbage spile frijwol alle haadrollen, wêrûnder dy fan Hamlet, Otello, Kening Lear en Macbeth. Shakespeare sels wie ek wurksum as akteur, mar hy spile inkeld byrollen. Oan 'e ein fan 'e Elizabetaanske Tiid wiene de Lord Chamberlain's Men ien fan 'e beide meast foaroansteande toanielselskippen fan Londen wurden. Doe't nei de dea fan Elizabeth yn 1603 kening Jakobus I op 'e troan kaam, naam dy it patronaat oer, en krige it selskip sadwaande de namme fan de King's Men.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.