Manigeïsme

From Wikipedia, the free encyclopedia

Manigeïsme

It manigeïsme is in âlde religy dy't eartiids troch de profeet Many (216-276) stifte waard yn it âlde Perzje. Many groeide op yn 'e joadsk-kristlike sekte fan de elkesaïten (dy't mooglik besibbe wie oan 'e religy fan it mandeïsme), mar ferkundige op eigen manneboet, op grûn fan eigen gewaarwurdings, syn godstsjinstige ynsichten oan 'e minsken. Dizze ynsichten holden harren benammen dwaande mei de folsleine tsjinstelling tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea, tusken siel en stof. Dizze lear waard letter nei him it manigeïsme neamd. Yn dit gnostysk dualisme seach Many himsels as de troch Jezus taseine úteinlike iepenbierder. Many frege fan syn folgelings dat sy harren oan in strange askeze en oan in fegetaryske libbenshâlding holden. Neffens Many koe de siel weromkeare nei it ljocht. It manigeïsme beskikte oer in wiidweidige mytology.

Thumb
Manigeeske prysters oan skriuwtafels, foarsjen fan tekst yn it Sogdysk. Manuskript út Khocho (Tarimbekken).

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.