From Wikipedia, the free encyclopedia
Margareta fan Bruce (Ingelsk: Margaret Bruce, Normandysk-Frânsk: Marguerite de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1283 – yn Skotlân, 2 maart 1316) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie.
Margareta fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1283 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry (Skotlân) | |
stjerdatum | 2 maart 1316 | |
stjerplak | ? (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk |
Hja wie in dochter fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en wierskynlik dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick, hoewol't guon histoarisy fan betinken binne dat se gjin dochter fan Marjorie fan Carrick wie, mar mooglik in oerwûn bern fan Annandale en in mêtresse. Yn elts gefal wie Margareta in suster (itsij in folle, itsij in healsuster) fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân, op 'e troan kaam.
Oer Margareta fan Bruce is fierders net safolle oerlevere. Se kaam omtrint 1283 te Carrick te wrâld, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, de residinsje fan 'e greven fan Carrick, en troude letter twa kear. Har earste houlik wie mei de ridder Willem III fan Carlyle, en har twadde mei de ealman Jan, hear fan Shelton. Margareta hie teminsten fiif bern:
Margareta fan Bruce stoar op 2 maart 1316 op in ûnbekend plak earne yn Skotlân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.