Markus Tullius Sisero
From Wikipedia, the free encyclopedia
Markus Tullius Sisero, ornaris koartwei Sisero neamd (Latyn: Marcus Tullius Cicero, klassike útspr.: ['ma:rkus 'tullius 'kikɛro:], likernôch "maarkûs tûlliûs kikèrroo"; Arpinum, 3 jannewaris 106 f.Kr. – Formiae, 7 desimber 43 f.Kr.) wie in Romeinsk filosoof, politikus, jurist, orator, politikolooch, teolooch en skriuwer. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste filosofen dy't it Romeinske Ryk fuortbrocht hat, en ferskate foaroansteande tinkers út 'e Ferljochting, lykas John Locke, Baruch de Spinoza en Charles-Louis de Montesquieu, borduerren fuort op syn ideeën.
Markus Tullius Sisero | ||
politikus | ||
echte namme | Marcus Tullius Cicero | |
nasjonaliteit | Romeinsk | |
bertedatum | 3 jannewaris 106 f.Kr. | |
berteplak | Arpinum (Romeinske Republyk) | |
stjerdatum | 7 desimber 43 f.Kr. | |
stjerplak | Formiae (Romeinske Republyk) | |
etnisiteit | Romeinsk | |
konsul fan de Romeinske Republyk | ||
amtsperioade | 63 – 63 f.Kr. (mei Gajus Antonius Hybrida) | |
foargonger | Lusius Julius Caesar en Gajus Marsius Figulus | |
opfolger | Desimus Junius Silanus en Lusius Lisinius Murena | |
gûverneur fan de Romeinske provinsje Silysje | ||
amtsperioade | 51 – 50 f.Kr. |
Sisero syn ynfloed op 'e Latynske taal wie sa ûnbidich dat wol sein wurdt dat de skiednis fan it proaza fan net inkeld it Latyn mar ek fan 'e dêrútfuortkommen Romaanske talen oant de njoggentjinde iuw neat oars wie as in reäksje tsjin of in weromkear nei syn skriuwstyl. Syn wurk wurdt noch altyd beskôge as de primêre histoaryske boarne foar de skiedskriuwing fan 'e lêste dagen fan 'e Romeinske Republyk.
Sels wie Sisero fan tinken dat syn politike karriêre syn grutste prestaasje wie. Hy wie lid fan 'e Romeinske Senaat en klom op ta de post fan konsul. As sadanich ûnderdrukte er in gearspanning en rêde er Rome fan in oanfal fan bûtenôf. Under de gaoatyske lêste helte fan 'e earste iuw f.Kr. wie Sisero de lieder fan 'e partij dy't tsjin it tij fan boargeroarloggen en de diktatuer fan Julius Caesar yn de âlde republyk besocht te behâlden. Uteinlik makke er him dêrmei ta in fijân fan 'e machtige Markus Antonius, dy't him yn 43 f.Kr. fermoardzje liet.