Marlon Brando
From Wikipedia, the free encyclopedia
Marlon Brando Jr. (Omaha (Nebraska), 3 april 1924 – Los Angeles (Kalifornje), 1 july 2004) wie in Amerikaansk film- en teaterakteur. Brando wurdt beskôge as ien fan de wichstichste method actors, dy't de akteartechnyk yn Hollywood yn de jierren fyftich ûnder de oandacht brocht mei rollen yn A Streetcar Named Desire en On the Waterfront, beide regisearre troch Elia Kazan. Lettere ikoanyske rollen binne ûnder oare Don Vito Corleone yn The Godfather en Colonel Kurtz yn Apocalypse Now. Brando syn aktearstyl hie grutte ynfloed op akteurs as Paul Newman, James Dean, Robert de Niro en in protte oaren. Brando wie teffens in aktivist, dy't ûnder oaren opkaam foar de rjochten fan de Yndianen. Sa stipe er ûnder mear de Besetting fan Wounded Knee.
Fluch de feiten
Marlon Brando | ||
akteur | ||
Marlon Brando (1948) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Marlon Brando | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 april 1924 | |
berteplak | Omaha | |
stoarn | 1 july 2004 | |
stjerplak | Los Angeles | |
jierren aktyf | 1944-2004 |
Slute