Marsilio Ficino
From Wikipedia, the free encyclopedia
Marsilio Ficino (Italjaanske útspr.: [mar'si:ljo fi'ʧi:no], likernôch "marsiiljo fitsjiino"; latinisearre foarm: Marsilius Ficinus; Figline Valdarno, 19 oktober 1433 – Careggi, 1 oktober 1499) wie in Italjaansk neoplatoanysk en humanistysk filosoof, astrolooch en roomsk-katolyk preester, dy't ûnder de Renêssânse yn 'e Florentynske Republyk libbe. Hy wie ien fan 'e ynfloedrykste filosofen fan 'e Iere Renêssânse en sette as earste alle oerlevere wurken fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato oer nei it Latyn. Dêrby wie hy it dy't it begryp 'platoanyske leafde' yn 'e kristlike Westerske kultuer yntrodusearre. Syn Florentynske Akademy, dêr't Ficino mei besocht de oarspronklike, troch Plato oprjochte Akademy fan Atene te belykjen, hie in ûnbidige ynfloed op 'e fierdere rjochting en teneur fan sawol de Italjaanske Renêssânse as de Jeropeeske filosofy.
Marsilio Ficino | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Marsilio Ficino | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 19 oktober 1433 | |
berteplak | Figline Valdarno (Florâns) | |
stoarn | 1 oktober 1499 | |
stjerplak | Careggi (Florâns) | |
etnisiteit | ![]() | |
reg. identiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Latyn, Italjaansk | |
sjenre | filosofy, oare non-fiksje | |
perioade | Renêssânse | |
streaming | neoplatonisme | |
bekendste wurk(en) | De Vita Libri Tres De Amore Theologica Platonica de Immortalitate Animae | |
jierren aktyf | ±1460 – 1499 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |