From Wikipedia, the free encyclopedia
Moas, moask of ek wol mosk is in losse term yn it deistich spraakgebrûk en in ynformele groep binnen it planteryk en it ûnderryk fan 'e lânplanten (Embryophyta) dy't de moassen of blêdmoassen (Bryophyta), de levermoassen (Marchantiophyta) en de haumoassen (Anthocerotophyta) omfiemet. Foarhinne hearden dy trije taksonomyske stammen ta ien en deselde groep (de Bryophyta) mar dat is langer sa net mear. Moas ûnderskiedt him fan alle oare lânplanten, de faskulêre planten (Tracheophyta), trochdat it gjin wier systeem fan fetten foar it transport fan wetter en fiedingsstoffen hat; sadwaande wurde de moassoarten mei-inoar ek wol "de non-faskulêre planten" neamd. Moas hat wol omsletten fuortplantingsstruktueren, mar produsearret blommen noch sieden. Ynstee plantet it him fuort troch de fersprieding fan spoaren, krekt sa't rintfearren (farens) en poddestuollen dat ek dogge.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.