![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/59/Moskou%252C_Friesland_OCT2020.jpg/640px-Moskou%252C_Friesland_OCT2020.jpg&w=640&q=50)
Moskou (buorskip)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Moskou is in buorskip yn 'e gemeenten Opsterlân en Eaststellingwerf.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/59/Moskou%2C_Friesland_OCT2020.jpg/640px-Moskou%2C_Friesland_OCT2020.jpg)
Moskou leit tusken Wynjewâld en Donkerbroek. Oan de oare kant fan de feart leit de buorskip Petersburch. Yn Moskou wenje mar in pear minsken. It âldste hûs fan 'e buorskip is fan 1867, in boerespultsje op Moskou 1.
De namme komt wierskynlyk troch folkshumor, Petersburch lei ommers oan de oare kant fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. Efterôfplakjes krigen wol faker de namme fan in fier oarde, lykas Egypte efter Nijeberkeap.
De N381 rint yn it súdlike diel oer de Moskoureed dwers troch de buorskip hinne.