From Wikipedia, the free encyclopedia
In mytysk wêzen is in fiktyf organisme dat in rol spilet yn myten, leginden, sêgen, mearkes en fantasyliteratuer. Der kinne twa kategoryen mytyske wêzens ûnderskaat wurde. Yn it foarste plak binne der antropomorfe mytyske wêzens, dy't sterk op 'e minske lykje en ek in protte minsklike eigenskippen hawwe, lykas elven, reuzen, dwergen, eardsken, kabouters en oare ierdgeasten, mar ek wearwolven, fampieren en seemearminnen. Oard binne der mytyske bisten, dy't fan uterlik alhiel net op minsken lykje, mar soms wol oer (guon) minsklike eigenskippen beskikke, lykas ienhoarns, draken, griffioenen, pegasussen en feniksen. Sokke mytyske bisten binne faak gearstald út lichemsdielen fan wier besteande bisten; sa hat in griffioen it lichem fan in liuw en de kop en wjukken fan in earn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.