Naïn
From Wikipedia, the free encyclopedia
Naïn (Hebriuwsk: ניין; Arabysk نين ) is in doarp yn Israel. It plak wurdt yn it Nije Testamint yn it evangeelje fan Lukas neamd.
Fluch de feiten
Naïn | ||
Roomsk-Katolike 'Tsjerke fan de opwekking fan de soan fan de widdo' | ||
Polityk | ||
Lân | Israel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.744 (2014) |
Slute
Naïn leit likernôch 20 km. súdeastlik fan it Mar fan Tiberias en 7 km. súdwestlik fan de berch Tabor yn in berchachtige omjouwing oan de súdlike grins fan Galiléa mei Samaria. Yn de rin fan de tiid naam de betsjutting fan Naïn ôf. Op in gegeven stuit wie it net mear as in buorskip, dêr't heechút inkelde famyljes wennen. Oan it ein fan de 19e iuw waard Naïn omskreaun as in lyts doarp.
Yn 1880 bouden de Fransiskanen hjir in tsjerke ta neitins oan Jezus' opwekking fan de soan fan in widdo. Hjoeddedei komme der regelmjittich pelgrims en toeristen yn Naïn.