Nairobi
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nairobi is de haadstêd en grutste stêd fan Kenia. De stêd leit oan de rivier mei deselde namme op in hichte fan 1.661 meter yn it suden fan it lân. De namme komt fan it Masai Ewaso Nyirobi, dat 'koele wetters' betsjut. It oantal ynwenners wie yn 2007 sa'n 2.864.667 (yn de stedekloft 3.778.742) en yn 2019 4.397.073. De talen dy't dêr it meast sprutsen wurde binne: Swahily, Kikuyu en Ingelsk. De gemeente Nairobi hat yn Kenia de status fan in provinsje.
Nairobi | ||
Sakesintrum Nairobi | ||
Polityk | ||
Lân | Kenia | |
Provinsje | Nairobi | |
Boargemaster | Geoffrey Majiwa | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.397.073 (2019) | |
Oerflak | 696 km² | |
Befolkingsticht. | 6.317 / km² | |
Hichte | 1661 m | |
Oar | ||
Stifting | 1899 | |
Tiidsône | EAT (UTC+3) | |
Simmertiid | Gjin | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.nairobicity.org |
Nairobi waard yn 1899 yn in sompe stifte as befoarriedingsdepot foar it Ugandaspoar tusken Mombassa en Uganda. Yn 1905 krige it de status fan haadstêd fan de provinsje Nairobi. De stêd waard begjin 20e iuw folslein fannijs boud, neidat it rekke waard troch in pestepedimy en platbaarnd wie. Dêrnei bleau de stêd groeien. Nairobi waard yn 1907 haadstêd fan it Britsk East-Afrikaansk Protektoraat, yn it plak fan Mombassa, en bleau dat ek nei it ûnôfhinklik wurden fan Kenia yn 1963.
Nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie dêr de rebûlje fan de Mau Mau.
Augustus 1998 pleegde de terroristske organisaasje Al Qaida in bomoanslach op de Amerikaanske ambassade yn Nairobi.