From Wikipedia, the free encyclopedia
Niobrara (útspr.: [naiǝ'bɹæɹǝ], likernôch: "na-juh-brêr-ruh"; Omaha: Ní Ubthátha Tʰáⁿwaⁿgthaⁿ; útspr.: [nĩ ub'ɫᶞaɫᶞa 'wãŋɡɫᶞã], likernôch: "nyng ûb-la-la ûang-lang") is in doarp yn Knox County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan it plak doe op 370 minsken. De rivier de Niobrara rint lyk by it doarp lâns.
Niobrara | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Nebraska | |
County | Knox County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 370 (2010) | |
Oerflak | 1,9 km² (ynkl. wetter) 1,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 194,7 / km² | |
Hichte | 375 m | |
Oar | ||
Stifting | 1856 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 42°45′00″N 98°01′55″W | |
Offisjele webside | ||
www.niobrarane.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Niobrara yn Knox County en yn 'e steat Nebraska. |
Niobrara waard yn 1856 stifte. It Amerikaanske Leger lei der doe in fort oan om 'e blanke kolonisten te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Yndianen. Al hiel gau ûntstie dêromhinne in lytse delsetting.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Niobrara 29,2% âlder as 65 jier en 16,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,6% fan 'e húshâldings út ien persoan. Ut âldere gegevens, út 2000, die bliken dat doe 13,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 81,9% blanken; 11,6% Yndianen; 2,4% Latino's; 0,3% swarten; 3,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Hoewol't it bûten de grinzen fan 'e respektivelike reservaten leit, binne yn Niobrara sawol de reservaatsbestjoeren fan it Santy Yndianereservaat (Santee Indian Reservation) en it Ponka Yndianereservaat (Ponca Indian Reservation), as de haadkertieren fan 'e federaal erkende Santy Sû Naasje (Santee Sioux Nation) en Ponka Stamme fan Nebraska (Ponka Tribe of Nebraska) fêstige.
Niobrara hat in lânklimaat, mei waarme simmers en net al te strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, leit er oerdeis om it friespunt hinne. Der falt jiers trochinoar 577 mm delslach; yn 'e winter komt dat yn 'e regel del yn 'e foarm fan snie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.