Noardfryske Feriening
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Noardfryske Feriening (Dútsk: Nordfriesische Verein), gauris ôfkoarte ta NFV, is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan 'e Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Dizze organisaasje waard al yn 1902 oprjochte, en sjocht de Noardfriezen as in streekidentiteit mei in eigen taal, kultuer en skiednis binnen in grutter Dútsk ramt. Yn 'e fisy fan 'e NFV moat dy eigen taal en kultuer beholden wurde, mar kin der fan in nasjonale minderheid of in ôfsûnderlike etnyske identiteit gjin sprake wêze. Op dat punt stiet de NFV rjocht foar de Friisk Foriining oer, de oare grutte Noardfryske kultuerorganisaasje.
Fluch de feiten
Noardfryske Feriening (Nordfriesischer Verein) | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | NFV | |
nasjonaliteit | ![]() | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | Noardfryske kultuer en polityk | |
haadkertier | Bredstedt (Dútslân) | |
off. taal | Dútsk | |
oprjochte | 13 augustus 1902 | |
orgaan | Nordfriesische Jahrbuch | |
tal leden | 4.700 | |
aktyf yn | Noard-Fryslân | |
offisjele webside | ||
www.nf-verein.de |
Slute