From Wikipedia, the free encyclopedia
Oerwinnende Bear (Lakota: Matȟó Wayúhi, útspr.: [ma't˟o: wa'ju:hi]; Ingelske oersetting: Conquering Bear; ±1800 – 19 augustus 1854) wie in opperhaad fan 'e Brulee-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Syn dea troch de hân fan senuweftige Amerikaanske soldaat rûn yn 1854 út op it Grattan-bloedbad.
Yn 1851 wie Oerwinnende Bear ien fan 'e ûndertekeners fan it earste Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't de Amerikaanske oerheid grutte dielen fan 'e flakten oan 'e Yndianen tasei. Yn augustus 1854, doe't nei skatting sa'n 4.000 Sû gearkommen wiene oan 'e rivier de Noardlike Platte, yn ôfwachting fan 'e útdieling fan harren jierjilden troch fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear, stiel in Minnikonzjû-kriger in ko fan in mormoanske karafaan op trochreis. Hoewol't sokke gefallen neffens de betingsten fan it ferdrach troch de pleatslike Yndiaansk agint ôfhannele wurde moasten, bemuoide it Amerikaanske leger him dermei, troch in kavalerydetasjemint ûnder lieding fan luitenant John Lawrence Grattan nei it grutte Yndiaanske kamp ta te stjoeren om ferhaal te heljen.
Grattan easke fan Oerwinnende Bear, dy't it wurd fierde foar de Sû, dat de Minnikonzjû-kriger dy't de ko stellen hie, oan him útlevere wurde soe. Oerwinnende Bear wegere dat, en troch de dronkenskip fan 'e tolk Lucien Auguste en de grutte oermacht fan hast 1.200 krigers, ûntstie der al rillegau in spande sitewaasje. Doe't in senuweftige soldaat Oerwinnende Bear delskeat, rûn dit barren út op it saneamde Grattan-bloedbad of Grattan-gefjocht, wêrby't 29 fan 'e 31 leden fan it kavalerydetasjemint omkamen. Oerwinnende Bear stoar fuort letter oan syn ferwûnings en waard as opperhaad opfolge troch Lytse Tonger.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.