From Wikipedia, the free encyclopedia
Oomram (Dútsk en Deensk: Amrum) is in Frysk eilân. It leit súdlik fan Söl en westlik fan Feer. Op Oomram wurd in dialekt fan it Noardfrysk sprutsen, dat Öömrang neamd wurdt. It eilân hat likernôch 2.300 ynwenners en hat in oerflak fan rûm 20 kante kilometer.
Oomram | |
---|---|
Basisynformaasje | |
Namme | Oomram |
Lân | Dútslân |
Eilannegroep | Fryske eilannen |
Ynwenners | Likernôch 2.300 |
Oerflak | 20 km² |
Op Oomram binne oanwizings fûn fan bewenning fan 5.000 jier werom. Der binne in soad grêven en oare oerbliuwsels fûn út de stien-, brûns- en izertiid.
Eartiids libben de ynwenners fan Oomram fan de jacht op walfisken en hannel. Ek waard der in protte dien oan jutterij. It folksfeest Biikebrennen is hjir mooglik fan ôflaat. Hjoed de dei is toerisme in wichtige boarne fan ynkomsten.
Oomram hat fiif doarpskearnen, it binne:
Oomram hat in grut ferskaat oan natuer. Sa lizze oan de Waadseekant grutte kliffen. Wylst oan de westlike kant dunen binne mei in hichte oant 32 meter. Op Oomram leit ek ien fan de grutste sânstrannen fan Noard-Jeropa. It strân fan Oomram hat in lingte fan 10 kilometer en is op inkele plakke wol 1,5 kilometer breed. It eilân is ûnderdiel fan it Nationalpark Schleswig-Holsteinisches Wattenmeer.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory OOmram fan Wikimedia Commons. |
Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.