Orson Krennic
From Wikipedia, the free encyclopedia
Orson Krennic (folút: Orson Callan Krennic) is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e roman Catalyst, fan James Luceno, mar hy waard it bekendst út 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't letter datselde jiers útkaam. De geastlike heit fan it personaazje wie special effects-technikus John Knoll, dy't al yn 2003 de plot fan Rogue One betocht. Krennic is in ambisjeus militêr en bestjoerder, dy't opklimt ta direkteur fan it wapenprogramma fan it Galaktysk Keizerryk. Hy is direkt ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen fan sa'n krêft, dat it hiele planeten ferdylgje kin. Neffens Krennic sil dat rêst en oarder yn it Stjerrestelsel bringe. De rol fan Krennic waard yn 'e film spile troch de Australyske akteur Ben Mendelsohn.
Orson Krennic personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Lexrulysk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | militêr, bestjoerder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Galen Erso Wilhuff Tarkin Darth Vader Jyn Erso | |
geastlike heit | John Knoll | |
ûntstean | 2016 |