PC
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Keninklike PC (in Nederlânske ôfkoarting foar Permanente Commissie; Frysk: "Permaninte Kommisje") is de wichtichste Fryske keatspartij foar manlju, dy't sûnt 1850 yn prinsipe alle jierren holden wurdt, en dy't plakfynt op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Tsjintwurdich dogge oan dizze partij 16 partoeren mei. Allinne troch it KNKB selektearre haadklassers en earste-klassers komme yn oanmerking en nim diel oan 'e PC. Op dit evenemint komme alle jierren sa'n 12.000 belangstellenden ôf. De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan 1 july ôf. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei (Nederlânsk en offisjeel: Permanente Commissie der Franeker Balverkaatsersdag). Troch omstannichheden hat de PC yn syn skiednis fjouwer kear in jier oerslaan moatten. Sadwaande waard yn 2018 de 165e edysje holden.
PC | ||
De finale fan 'e PC 2006. | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
holden yn | Sjûkelân | |
datum | 5e woansdei nei 30 juny | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (keatsen) | |
bestean | 1850 – no | |
org. troch | Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei | |
offisjele webside | ||
www.pc-franeker.nl |