From Wikipedia, the free encyclopedia
Palermo (Sisyljaansk: Palermu) is de haadstêd fan it Italjaanske eilân Sisylje en fan de provinsje Palermo dat krekt besuden it Italjaansk skiereilân leit. De stêd leit yn it noardwesten fan it eilân, oan de Tyrreenske See dat wer in part is fan de Middellânske See. Mei 686.551 ynwenners (1998) is dat it op de fjirde stêd fan Itaalje.
Palermo | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Itaalje |
Regio | Sisylje |
Provinsje | Palermo |
Sifers | |
Ynwennertal | 678.492 (2013) |
Oerflak | 158 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 4.294 / km² |
Stêdekloft | (2012) |
Hichte | 10 m |
Oar | |
Stifting | 736 f.Kr. |
Tiidsône | UTC-5 |
Simmertiid | UTC-4 |
Webside | Webstee fan de gemeente Palermo |
Palermo is in universiteitsstêd.
Op sa'n 30 kilometer ôfstân fan de stêd leit in fleanfjild: "Falcone e Borsellino". Mei de trein kinne oare parten fan it eilân maklik berikt wurde. Fierders beskikt de stêd oer in wichtige haven.
Yn de 7e of 8e iuw f.Kr. waard op it plak fan de stêd in koloanje stifte troch Foenisiërs. Letter kamen dêr de Griken te wenjen dy't de stêd Panormos neamden, wat folsleine haven yn it Gryksk betsjut, en dat letter de Latynske namme Panormus krige soe.
De Romeinen oermastere Palermo tidens de earste Punyske oarloch. Nei de Romeinske tiid hearde Palermo in skoftsje by it Fandaalske ryk. Doe't dat Germaanske ryk ferneatige waard troch it Eastromeinske Ryk kaam it ûnder it bewâld fan de Byzantinen.
Nei 831 krige Palermo te meitsjen mei de Arabyske oerhearsing, en waard it ien fan wichtichste stêden fan de destiidske wrâld. Inkele jierren letter, sûnt 1072, oerhearsken de Noarmannen de stêd. In protte fasetten fan dizze rike skiednis is yn de stêd noch hieltyd werom te finen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.