Peer Gynt
From Wikipedia, the free encyclopedia
Peer Gynt, nei it orizjineel mei deselde titel yn it Noarsk, is in út fiif bedriuwen besteand toanielstik yn fersen fan 'e hân fan 'e 'e grutte Noarske toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur Henrik Ibsen (1828-1906). It ferhellet oer it libben fan 'e liddichgonger Peer Gynt, en is loskes basearre op it Noarske mearke Per Gynt. It stik, dat troch de ferneamde Noarske komponist Edvard Grieg op muzyk set waard, waard foar it earst publisearre en opfierd yn 1867, yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. It kaam Ibsen op brede maatskiplike krityk te stean, yn 't bysûnder om't er by it skriuwen derfan de toanielkonvinsjes fan syn tiid oan syn lears lape hie. Peer Gynt wie it lêste toanielstik dat Ibsen yn fersen skreau; neitiid soed er inkeld noch proaza brûke. De earste Fryske oersetting fan Peer Gynt, in bewurking troch Bouke Oldenhof, ferskynde yn 1996.
Peer Gynt | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Peer Gynt | |
auteur | Henrik Ibsen | |
taal | Noarsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
1e publikaasje | 1867, Kopenhagen | |
1e opfiering | 1867, Christiania | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Peer Gynt | |
publikaasje | 1996, De Tynje | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Bouke Oldenhof |