Penélope Cruz
From Wikipedia, the free encyclopedia
Penélope Cruz Sánchez (Madrid, 28 april 1974) is in Spaanske filmaktrise. Ze wûn yn 2009 ûnder oaren de Academy Award foar bêste froulike byrol en in BAFTA Award mei har rol yn Vicky Cristina Barcelona. Foar har rol yn Volver hat hja in César en in European Film Award wûn.
Fluch de feiten
Penélope Cruz | ||
akteur | ||
Penélope Cruz yn Cannes, 2011 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Penélope Cruz Sánchez | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
berne | 28 april 1974 | |
berteplak | Madrid | |
jierren aktyf | 1989–no | |
prizen | Academy Award, BAFTA Award, European Film Award | |
offisjele webside | ||
Penélope Cruz op Twitter |
Slute
Fanwege har styl fan spyljen en har uterlik wurdt hja wolris fergelike mei Sophia Loren.
Cruz wie ferloofd mei Tom Cruise. Dêrnei hie hja in skoft in ferhâlding mei de akteur Matthew McConaughey, mar sy hawwe besluten om yn maaie 2006 út elkoar te gean.
Cruz sprekt fjouwer talen: Spaansk, Italjaansk, Frânsk en Ingelsk. Hja hat in bulte jild en tiid bestege oan woldiedichheid; yn 1997 hat sy twa moanne frijwilligerswurk dien yn Uganda.