Peter O'Toole
From Wikipedia, the free encyclopedia
Peter O'Toole (folút: Peter Seamus Lorcan O'Toole; Connemara (Ierlân), 2 augustus 1932 – Londen, 14 desimber 2013), wie in Iersk-Britsk akteur, dy't bekend stie om syn felblauwe eagen. Hy begûn syn karriêre yn it Britske teäter, dêr't er namme makke as Shakespeare-fertolker. By it grutte publyk en bûten it Feriene Keninkryk waard er lykwols ferneamd troch syn wurk as filmakteur. Fral syn titelrol as T.E. Lawrence yn 'e histoaryske film Lawrence of Arabia makke him ta in filmstjer. Yn syn karriêre wûn er fjouwer Golden Globes, in BAFTA, in Emmy en in Oscar, wylst er fierders noch acht oare kearen foar in Oscar nominearre waard. Yn 2012 joech er it aktearjen deroan.
Fluch de feiten
Peter O'Toole | ||
akteur | ||
Peter O'Toole yn 1968. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Peter Seamus Lorcan O'Toole | |
nasjonaliteit | Britsk Iersk | |
berne | 2 augustus 1932 (?) | |
berteplak | Connemara (Ierlân) (?) Leeds (Ingelân) (?) | |
stoarn | 14 desimber 2013 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Iersk Skotsk | |
jierren aktyf | 1954 – 2012 | |
prizen | Oscar 2003 BAFTA 1963 4 × Golden Globe Emmy Award 1999 | |
offisjele webside | ||
Peter O'Toole yn 'e IMDb |
Slute