De St Peter and St Paul’s Church ('HH. Petrus- en Paulustsjerke') is in Anglikaansk tsjerkegebou yn Pickering yn it greefskip Noard-Yorkshire yn Ingelân. De tsjerke hat de status fan Grade I yn 'e monumintelist fan it Feriene Keninkryk.

Fluch de feiten
Petrus- en Paulustsjerke

St Peter and St Paul’s Church

Thumb
Lokaasje
lân Ingelân
regioYorkshire en de Humber
greefskip Noard-Yorkshire
plakPickering
koördinaten54° 14' N 0° 46' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipAnglikaanske Tsjerke
Arsjitektuer
boujier12e iuw
boustylIngelske gotyk
monumintale statusGrade I listed building
Webside
Side tsjerke
Kaart
Thumb
Petrus- en Paulustsjerke
Slute

Bouskiednis

In earste tsjerke op it plak datearre nei alle gedachten út de Angelsaksyske tiid. Fan dy earste tsjerke bleau it doopfont en in krúsreliëf bewarre.

De hjoeddeiske tsjerke waard sûnt 1140 boud en dêrnei fakentiden ferboud. Al yn 1150 waard in noardlik en yn 1190 in súdlike sydskip oanboud. Om 1200 stoarte de toer yn, dy't yn dy tiid yn 'e midden fan 'e tsjerke stie, mar nei it ynstoarten nei de westlike kant ferhûze. Letter waard in spits op 'e toer tafoege. It koer waard om 1300 yn it ramt fan liturgyske feroarings grutter makke, sadat in breder koer ûnstie as it skip. Oan it koer grinzgje twa sydkapellen; de noardlike kapel waard yn 1337 oanboud en de súdlike sydkapel yn 1407. In lêste grutte feroaring oan 'e tsjerke fûn plak yn de 15e iuw. Doe waarden de muorren fan it tsjerkeskip ferhege en finsters yn de ljochtbeuk ynbrocht. Yn dy tiid waarden ek de muorren mei foarstellings beskildere.

Muorreskilderings

De tsjerke is benammen it besjen wurdich fanwegen de muorreskilderings yn it middenskip, dy't de midsiuwske liturgyske kalinder folgje. Der wurdt fanút gien dat de opdracht om de muorren te beskilderjen yn 1450 jûn waard, mar al de folgjende iuw waarden se mei de protestantske reformaasje oerpleistere. Se waarden by tafal yn 1852 ûntdutsen, doe't stikken stúkwurk fan de muorre foelen. Ynearsten waarden se yn opdracht fan de doedestiidske dûmny foar it ljocht helle, mar hy mocht se net leie en liet se nei it meitsjen fan tekenings ta grutte argewaasje fan de aartsbiskop fan York wer oerkalkje. Yn 1876 naam de nije dûmny G.H. Lightfoot it beslút om de kalklaach te ferwiderjen en de muorreskilderings te restaurearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.