From Wikipedia, the free encyclopedia
Plymouth [ˈplɪməθ]? (Nederlânsk, âldfrinzich: Pleimuiden) is in stêd (city) en unitary authority yn de Ingelske regio Súd West Ingelân.
Plymouth | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | Súdwest Ingelân | |
Greefskip | Devon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 258.700 (2010) | |
Oerflak | 79,8 km² | |
Befolkingsticht. | 3242,7 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
www.plymouth.gov.uk |
Plymouth leit yn it Britske greefskip Devon. It is in havenstêd fan belang en lûkt ek in protte toeristen. Teffens sit dêr yn relatyf grutte universiteit.
Spoarstasjon Plymouth waard earst yn 1877 iepene.
Plymouth hat in grutte en moaie natuerlike haven, de Plymouth Sound. Ut dy haven wei sette op 16 septimber 1620 de Mayflower ôf nei Amearika; oan board wienen ûnder oaren 40 dissinters, om harren leauwe ferfolge sektaryske protestanten. Sy stichten yn Amearika de Plymouth koloanje. Yn de Plymouth Sound leit Drake's Island, dêr sette Sir Francis Drake yn 1577 syn reis om de wrâld útein.
Al yn de Twadde Wrâldkriich hie Plymouth in wichtige marinebasis. Basis en stêdssintrum binne yn 1941 swier bombardearre troch de Dútske Luftwaffe. Goed 3.700 huzen waarden ferneatige en mear as 1000 boargers ferlearen doe it libben.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.