Poarte fan Snits
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Poarte fan Snits is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk grinzet yn it noarden oan de binnenstêd fan Snits, yn it suden en easten oan Lemmerwei-East, yn it suden en westen oan Lemmerwei-West.
De grutste ferkearsier fan de wyk is de Lemmerwei, dy't de wyk fan noard nei súd trochkruset. De noardlike grins wurdt foarme troch de Stedsgrêft en de Kolk. De westlike grins wurdt foarme troch de Geau.