Prix de Joke
Nederlânske kultuerpriis / From Wikipedia, the free encyclopedia
De Prix de Joke wie in beleaning fan de bêste grap fan it ôfrûne jier, útrikt op 1 april fan it nije jier. De priis op himsels wie in 31sm brûnzen kopy fan de Loeres fan Zandvoort, op in sokkel fan marmer.
De priis waard útrikt troch it Nasjonaal 1-april Genoatskip, fan 1963 ôf. De earst kear wie dit om half alve op it stêdhûs fan Zandvoort. Dêrnei wie der in krânslizzing by de Loeres. Op de ein fan de dei wie der dan in diner mei de winner(s). Yn de rin fan de tiid is lykwols net alles itselde bleaun.
Nei de dea fan Van Tetterode yn 1996, kaam it per slot ta in ein.